De dei nei’t Eunice delkaam

Rûnfleanende dakpannen, omwaaide sketten, trampolines dy’t sels begûnen rûn te springen, en beammen dy’t omwaaiden. De stoarm fan juster soarge hjoed noch foar in soad wurk. Mei ljedders, seage en oar ark waard besocht de skea te reparearjen.