De Damestaart foar de stokjerinners

Tsien jier stokjerinnen, in inisjatyf fan de Vrouwen van Nu, foar elkenien dy’t graach meirinne wol. Al tsien jier lûke dizze froulju alle moandei te moarns de kuierskoan oan foar in moai blokje om. Dêrom wie der fannewike foar dizze kuierders De Damestaart fan de Vrouwen van NU by de kofje. Rinne jim  kommende moandei ek in stikje mei?