De CITO sit derop

Hjoed wie de lêste dei fan de CITO-toets. Gjin stress, mar mei in soad lekkere doping (hapkes en sapkes) hawwe de bern fan groep 8 ôfrûne dagen 300 fragen oer fanalles en noch wat beantwurdde. Fan rekkenjen oant skiednis en fan de stavering fan tiidwurden oant stúdzjefeardigens.
Yn de wike fan 10 maart sille de útslaggen fan de bern bekind makke wurden.