Der is wer bedriuwichheid oan de Oeriselsestrjitwei by de ‘Blauwe Tinte’; lykas eartiids stean der wer auto’s foar de doar en is it in yn- en útgean fan gasten. De nije eigenaresse, Tjitske de Jong, hat yn oktober al witte litten, dat se de Blauwe Tinte oernommen hat en sûnt de krystdagen is se echt los! It is wol ris even aardich om te hearren wat dêr sa al oan foarôf gong is. De Linepraatredaksje gie by har lâns foar in petear. Les it ferhaal yn de Linepraaat