11 oktober ha de Vrouwen van Nu in middeisgearkomste mei de bekkenbodemspesjalist Adrie Abbing út Easterwierrum. As fysioterapeute yn de praktyk fan Jelle Sybesma yn Mantgum jout sy in lezing oer bekkenbodem-problematiek en incontinentie. Nei de útliz sil Adrie oan de hân fan oefeningen fertelle wat we sels dwaan kinne. Elk dy’t ynteressearre is, is om 13.30 wolkom yn it Lokaal om dizze bysûndere en learsume middei oer in soms dochs wol prekêr ûnderwerp by te wenjen.