Fan Simon Okkinga krigen we dizze 2 foto’s fan de befrijing. Simon wenne as lyts jonkje yn de oarloch mei syn heit en mem yn de pleats oan de Tolhek. Hy koe sich herrinnerje dat de Kanadezen de 16e april, hjoed 75 jier lyn, by harren del riden en snobbersguod nei harren goaiden.