De 300.000ste besiker is binnen

Hjoed om 18.35 oere kaam Hettie Smit as besiker by www.reduzum.com oer de flier en waard dêrmei de 300.000ste besiker fan de site. Germ van Essen fiske foar de twadde kear efter it net, lykas mei de 100.000ste besiker. De famylje Smit kriget in unyk eksimplaar út de rige “Sjoch ús doarp”. In boek dêr’t mar in lyts oantal fan drukt is.