Elke woansdeitemoarn is der foar de skoalbern op skoalle in ‘crea’ oerke. Mei help fan entûsjaste learkrêften, âlders en doarpsgenoaten dogge de bern allegear nije techniken op. Neist wyldbreidzjen, seagjen en bordueren hawwe in oantal bern filmopnames makke foar de nije Omrop TDS.