Buskekommisje 75 jier

Nei’t opheffen fan de skoallen yn Friens en Idaerd, waard der in buskekommisje oprjochte. Dizze soarge foar ferfier fan de skoalbern nei de skoalle yn Reduzum. No, nei 75 jier rydt der noch hieltiden in groepke entûsjaste sjauffeurs mei it skoalbuske de bern nei skoalle en nei hûs.