Burendag broekendag

Ofrûne wykein waard yn in oantal strjitten buorljedei fiert. Sa makken de bewenners fan de Buorren der mei inoar in fleurige boel fan. Mei de workshop ‘bloeiende’ broeken meitsjen hawwe de buorlju net allinich in gesellige middei hân mar is de buert ek opkreaze. Wa no troch de strjitte rint, sjocht rûnom broeken mei blomkes.