Broer en zus Nederlânsk Kampioen jeugdfierljeppen

Reduzum hat gjin skâns, mar der hinget sûnt hjoed oan huize Bouwstra wol 2x in krâns. Jorrit en Sanne binne yn Kockengen Nederlânsk kampioen fierljeppen wurden. De buorlju yn de Master Gorterstrjitte binne tige grutsk en hongen mei syn allen de flagge út, en fersierden by de farske kampioenen it hûs en hiem.