Slagge Sutelaksje

Foarige wike giene de Vrouwen van Nu yn Reduzum, Friens en Idaerd mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del. Der binne in protte moaie boeken ferkocht. Der waarden ek noch boeken ferkocht yn in kream op Versmarkt en har eigen ynfomerk. Mei de ynset fan in grut tal frijwilligers is de opbringst rom €3000 euro wurden