Njonken it skulpepaadsje, oan it stik lân dat Jan Posthumus brûkt, is it in pracht om te sjen wat der allegearre groeit en bloeit. Yn juny tilde it op fan ferskate planten dy’t har bêst diene om op te fallen. De kuierders dy’t dêr geregeld lâns rûnen koene genietsje. Dat opfallen diene de planten lykwols net foar ús, mar om te soargjen foar neiteam (siedsjes), om der takom jier wer te stean.