(be)Stjoerleaze Vrouwen van Nu meitsje suksesfolle ‘trochstart’

Lykas by in soad oare ferienings wie it foar de Vrouwen van Nu de lêste jierren dreech om oan in foltallich bestjoer te kommen. In bekend feit is ommers dat minsken yn dizze tiid fan alles by de ein hawwe.
Wat de lêste jierren feroare is, binne de digitale mooglikheden om saken op koarte termyn thús fia de kompjoeter ûnderling te regeljen, it sparret in soad tiid en argewaasje.