De spilers fan fuotbalferiening VV Irnsum rinne kommende fiif jier mei de nije sponsor, it Frienzer bedriuw fan Rudi Fennema, op it boarst.
De bedriuwen Kafee Bar de Welp, Krekt op Maat en Bernewrâld bliuwe net lans de sydline stean. Sy jouwe as sponsor in trijetal teams in moaie rêch(be)dekking.