Baukje fiert nei jierren dôchs jierdei

As lyts skoalfamke fûn se it mar neat, net ien leauwde har at se jierdei wie. Nei al dy jierren wie it master Henk dy’t mei syn klas har einliks fan har ‘jierdeitrauma’ ôfholp. Nei’t se Baukje Wijtsma tasongen hienen, spjelde master har noch in moaie papieren roas op.