Justerjûn is der op it sportfjild in loftballon. omheech gongen. Grouster Tettsje Kiemel-de Leeuw, winneres fan de Doch it foar dyn doarp-kwis, gong mei har man Jan Kiemel mei dizze ballon mei. Se hawwe in bjusterbaarlik moaie tocht makke, hieldal oant Sumar ta.
“Wy hawwe hjir tige fan genietsje kinnen. In moaie ûnderfining dy’t wy elts oanride kinne”, sa fertelt Tettsje Kiemel.