Op sneon 18 en snein 19 septimber is yn Reduzum It gelok fan Fryslân, In coronaproof, aventoerlike audiokuiertocht fan Tryater. Mei de ynwenners fan Reduzum is in unike rûte makke. Under it harkjen nei it geloksgedicht mei de stim fan Nynke Heeg, rint de besiker by bysûndere plakken en libbensgrutte objekten del dy’t útnûgje om mei oandacht nei dysels en de omjouwing fan Reduzum te sjen.