Fiif wiken lang wie de skoalle net fan it skoalpersoniel. Timmermannen, skilders, ICT-ers, keukenmontagemannen en screenbouwers wiene dwaande om de skoalle hielendal te updaten. Foar de oergong fan BoboB nei Proloog moat de skoalle as nij wêze. Mar it moat fansels earst slimmer foardat it better wurdt.