As der ien skiep oer de daam rint, folgje der mear…

Om de skiep foar de maaitiid tichter by hús te hawwen, moast Max Brinksma se ferweidzje. Om’t it makliker is dan alle skiep yn de feeauto te dwaan, dogge se it op dizze wize.
In prachtige optocht fan it iene stik lân nei it oare stik lân, somtiden ek dwers troch Friens. As in echte skiepherder rint der foarop mei in amer biks en dan folgje de skiep wol.