Arvind Korf docht mei syn freonen mei oan in spultsje fan de Ljouwerter krante. Troch it gearstallen fan in eigen Formule 1-team kinne je races winne en punten score. Arvind is in grutte tsjinstander fan it Ferrari-team, en soe dy ek noait opstelle, sa sei hy altyd. Mar no hat er om te winnen dôchs dizze auto ynset. En sels mei de flagge yn syn tún wol er elkenien oertsjûgje dat Ferrari de bêste is.