Amish, in libben fol religy, wearden en tradysje

De entûsjaste dûmy Van der Meer koe o sa boeiend fertelle oer de fan oarsprong Doopsgezinde Amish minsken. Se libje dêr nei ús idee wit hoefolle jierren tebek. Sy binne sober klaaid, meie gjin sieraden drage en fierder neat gjin opsmuk.
Sa’n fjirtich ynteressearre harkers kamen nei de middei organisearre troch de Vrouwen van Nu.