Mei de jiergearkomste fan de froulju’s feriening fan Idaerd fertelde ynwenner Wybo Palstra oer syn hobby genealogy. Hy hat in programma op syn kompjûter mei in eigen database fan ûngefear 370000 minsken. It programma kin dan foar him útsykje wa’t famylje fan inoar is. Sa kin it samar wêze dat je famylje fan in reedrydster of ien mei tsjuster ferline binne….Hy is no dwaande mei in boek oer Idaerd te meitsjen. Lês mear oer Wybo Palstra yn linepraat.