12 maaie, âlde maaie, wie eartiids de grutte ferhúsdei ûnder de boerebefolking. Troch it seizoenswurk op it plattelân krigen arbeiders hierkontrakten fan 12 maaie oant 12 maaie. As gefolch hjirfan wiene der yn dy periode in soad ferhuzerijen. Hjoed de dei liket it dat dit wykein wer in folksferhuzing is, as we de agenda sa besjogge. De froulju út Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum hawwe, bepakt en besakke, elk har jierlikse útstapke. Mar lokkich komme dizze froulju jûns wer op hûs oan.