Wa’t fan is fan iishockey hat no noch in reden ekstra om it te folgjen. Ald-Redúster Jessica de Graaf docht op ’t heden mei it nasjonaal frouljes iishockeyteam mei oan it wrâldkampioenskip yn Australië. Fannemoarn is de finalewedstriid tsjin Australië wûn mei 3-2.