In grutte mearderheid yn Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum is tsjin de komst fan in wynmûnepark oan de A32. Sa lit de úslach fan de hântekeningaksje sjen. Doarpsbelang hat lêstendeis in enkête ûnder har bewenners hâlden. Dizze útslach en oare doarpske saken wurde jûn op de jiergearkomste bepraat.