Agridek Teatspartij

Snein 19 septimber is de Agridek teatspartij. Teatsen is in kombinaasje fan tennis en keatsen. Der wurdt keatst mei in tennisracket, of der wurdt tennisse op it keatsfjild. It is mar hoe je it besjogge.
Alle (âld) ynwenners fan de trije doarpen kinne hjir oan meidwaan. Opjaan foar 16 septimber 19.00 oere fia teatsenreduzum@gmail.com
Tongersdei 9 septimber is der in oefenjûn.