![]() |
Redactieadressen: D.S.Bangmastrjitte 23 , Reduzum Beslingadyk 1, Friens Buorren 9, Idaerd e-mailadres: linepraat@gmail.com |
De skiednis
Yn 1978 stutsen in tal minsken de koppen bij inoar. De kuorbal krante ferskynde geregeld, mar hie gauris temin kopij. De skoalkrante ferskynde sa út en troch as der wer in tal stikjes sammele wiene. En tsientallen losse briefkes yn de bus, de skoalbern moasten hiel faak op paad.Dizze trije eleminten wiene de basis foar de doarpskrante.
Fan jannewaris 1979 ôf, jawis de sniewinter, ferskynde de Linepraet. Suver alle ferieningen fan de fjouwer doarpen waarden lid foar 25 gûne yn ’t jier. In doarpskrante, dy dêrtroch by de ynwenners fergees hûs oan hûs troch de bus koe. De efterlizzende gedachte is, dat yn elke húshâlding wol immen lid is fan ien fan de oansletten doarpsferieningen
Dorpskrant Linepraat wordt elke maand gratis bezorgd in de dorpen Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum. De krant verschijnt elke laatste donderdag van de maand, behalve in de maand juli. |