Aaigoairekord ferbrutsen

Justerjûn wie it in drokte fan belang foar it kafee. In grutte dielname by it aaigoaien. Winners by de jeugd binne Germ Boersma en Bouke Andries. By de grutten goaide Peter Tolsma it fierst nei syn maat Alfred Postma, dy’t him op rekordôfstân fan 47 meter fong. Sjoch op Reduzumonline foar in fotoreportaazje.