Mei de gemeente binne der ôfspraken makke dat in part fan de diken by it doarp 60 km wurde. It giet hjirby om in stik Ayttawei en rjochting Wytgaard wie allinnich it stik dyk by de ‘dodenbocht’ noch 80 km. De belijning is op beide dykfakken al oanpast.
Mei it ôfplakken fan de ferkearsbuorden wol de ferkearsgroep der by de gemeente op oantrune om no ek de ferkearsbuorden oan te passen, sadat elk wit dat er stadicher ride moat.