3e Heckman strjittennistoernoai

De rackets wat lytser en de ballen sachter, mar der waard omraak oanmept op it 3e Heckman strjittennistoernoai. Sa’n 12 koppels fan leden en net-leden fan tennisferiening Stânfries hiene nei in muzikale Amearikaanske simmernacht in sportive snein op ‘e tennisbaan.