De lytse wente dêr’t se mei har âlden yn Reduzum wenne, stiet der net mear. Har namme wie eins al fergetten. Mar sûnt it yn 2019 ferskinen fan it twatalige It Deiboek fan skriuwster Janny van der Molen komt Redúster Geertje Kleefstra wer ta libben. Sy skriuwt oer dizze fergetten doarpsgenoat, dy’t har al jong ynsette foar in better libben foar arbeiders én foar froulju.
Wa dit boek wolris lêze wol, kin wol kontakt opnimme mei de redaksje.