25 jier troud

De trouklean wiene út de kast helle en hongen bûten oan it stek. It like wol oft de bewenners mei dizze retro “fersiering” ek mei dwaan soe oan de strjittefersiering. Mar it wie oars. Anneke en Albert Seldenrust fiere hjoed harren 25 jierrich troudei. Dit wie har fersiering foar harren eigen feest.