It earste ljipaai fan Reduzum is hjoed fûn troch Fedde Boonstra mei syn pake Otto Boonstra. Se fûnen it aai yn de Hommerts. Om’t de Hommerts yn de gemeente Súdwest-Fryslân leit, dêr’t snein al it earste ljipaai fûn waard, gie dit aai nei de kroechbaas.